Kafee Prins yn Kollumersweach freed wer iepen: "We hawwe der fertrouwen yn"

Kafee Prins yn Kollumersweach giet takom freed wer iepen. It kafee wie sûnt ein juny ticht op lêst fan de boargemaster.
© Omrop Fryslân
Neffens de gemeente waard yn it kafee alkohol oan minderjierrigen skonken en waard der yn harddrugs hannele. In koart pleit fan eigener Melle Prins om de sluting te kearen helle neat út. It kafee moast in heal jier ticht. Mar op de eigen Facebook-side skriuwt Prins dat syn kafee nei "maandenlang verplicht bankhangen en je uit den treure vervelen" wer iepen mei.

Reaksje boargemaster Bilker

It kafee moast in heal jier ticht, mar mocht wer iepen as se mei in goed plan fan oanpak komme soene. "We hawwe der fertrouwen yn", seit boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. "We binne it no as alle partijen iens."
Der binne petearen west mei gemeente, plysje en Prins. Ferline wike is besletten dat de kroech wer iepen mei. Der bliuwe petearen mei de eigener. "We evaluearje konstant, wy kontrolearje, mar we sille ek we mei Prins om de tafel. Mei plysje en gemeente om te sjen hoe't it giet. Ha der dingen ferkeard west of net goed, dan prate we deroer", seit Bilker. "It is net myn opset om him dan wer mei sa'n sanksje te treffen. We moatte folle mear op de toer fan ferbetterjen."