Gjin eigen busferfier foar Drachten

19 nov 2018 - 13:18

Drachten krijt definityf net de beskikking oer in eigen stedstsjinst foar iepenbier ferfier. De provinsje wegeret hjirfoar jild beskikber te stellen. It plan om fjouwer ferbiningen mei lytse bussen op te setten is te djoer. Boppedat is de provinsje fan miening dat der al genôch bussen troch Drachten ride, dy't foar in prima oantsluting fan it doarp soargje.

It gemeentehûs fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens gemeente Smellingerlân koe it eigen bussenetwurk mei lytse persoanebussen, ek in part fan it WMO-ferfier foar har rekken nimme. It giet hjirby om minsken mei in beheinde mobiliteit, dy't no op ôfrop troch partikulier taksyferfier nei winkels of famylje tabrocht wurde. Neffens de gemeente soe dizze kostebesparring wer ta goede komme kinne oan it lokale busferfier. No't de provinsje net meiwurkje wol, sjocht gemeente Smellingerlân gjin reden mear om har inisjatyf noch langer troch te setten.

De provinsje hat de gemeente Smellingerlân wol tasein om de Drachtster situaasje mei te nimmen yn har projekt 'Bûtengewoan Berikber', wêryn't plannen oer de takomst fan it iepenbier ferfier ûntwikkele wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)