Wetterskip stekt miljoenen yn wetterbehear en duorsume maatregelen

19 nov 2018 - 13:06

Wetterskip Fryslân wol takom jier hast 47 miljoen ynvestearje yn it wetterbehear en duorsume maatregelen yn Fryslân en it Grinzer Westerkwartier. Dit stiet yn de konsept-begrutting dy't it deistich bestjoer presintearre hat.

Foto: Omrop Fryslân

It Wetterskip ynvestearret 21 miljoen euro yn maatregelen om oerstreamingen en wetteroerlêst tsjin te gean. It giet dan benammen om it ferheegjen en fersterkjen fan diken, iggen en kaaien. Sa'n 17 miljoen euro giet nei ferbetterjen fan de oan- en ôffier fan wetter, lykas renovaasje fan gemalen en de oanlis fan wetterbergingen. Sa'n 5 miljoen euro wurdt yn it ferbetterjen fan de wetterkwaliteit stutsen.

Minder CO2

Dêrneist wurdt der noch jild stutsen yn de oanlis fan sinnepanielen by de wettersuveringynstallaasjes en it ferbetterjen fan de slykferwurkingsynstallaasjes om de CO2-útstjit te ferminderjen. De totale begrutting fan it Wetterskip oer 2019 is 143,5 miljoen euro.

Heger tariven

De tariven sille takom jier gemiddeld mei 1,9 prosint omheech gean. It algemien bestjoer fan it Wetterskip bepraat de begrutting op 27 novimber yn de kommisjegearkomste, wêrnei't it bestjoer op 11 desimber in definityf beslút nimt.

(advertinsje)
(advertinsje)