Looxmagracht yn Snits ôfsluten fanwege gefaarlike kaai

19 nov 2018 - 12:05

De Looxmagracht yn Snits is foar in part ôfsletten om't de kaai 'ynstabyl' wêze soe. It ferkear kin der noch wol by del mar de gemeente hat de parkearplakken by it wetter ôfset. Yn in brief oan de bewenners fan de Looxmagracht skriuwt de gemeente dat it fûnemint fan de kaai der tige min oan ta is. Dêrtroch soe it net langer feilich wêze om auto's oan de kaai te parkearjen.

De Loosmagracht is ôfsletten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De gemeente hat de kaai dit wykein ôfsluten. Yn it foar is mei bewenners praten oer hoe't de Looxmagracht der nei de opknapbeurt út komt te sjen. Se kinne dêrby kieze út trije farianten. It giet dêrby benammen om wêr't daliks noch parkearre wurde mei.

Oft de fariant dy't de bewenners kieze ek echt oanlein wurdt, hinget fan de gemeenteried ôf. Dy moat noch in beslút nimme oer it jild fan de opknapbeurt.

De kaai sels is monumintaal dus dy't moat deselde útstrieling hâlde. It wurk oan de kaai duorret nei alle gedachten fjouwer oant seis moanne.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Looxmagracht yn Snits ôfsluten fanwege gefaarlike kaai

Trefwurden: 
Snits kade looxmagracht
(Advertinsje)
(Advertinsje)