Organisaasje Ljouwert: 'Leafde wint by yntocht Sint'

19 nov 2018 - 11:29

'De leafde wint by yntocht Sint'. Dat skriuwt it komitee dat de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert organisearre. De organisaasje sjocht werom op in yn har eagen slagge yntocht, ôfrûne sneon.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

De feilichheid fan de besikers, frijwilligers en Sinteklaas en syn Swarte Piten wie dit jier in ekstra punt fan soarch fanwege de oankundige demonstraasjes fan foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt. Neffens de organisaasje binne se der troch de profesjonaliteit fan de gemeente, stedstafersjoch, ROC Friese Poort en de plysje yn slagge om de feiligens fan elkenien te garandearjen.

Neffens de organisaasje hat de leafde it úteinlik wûn fan de agresje, nettsjinsteande dat tsjinstanners fan Swarte Pyt beleage waarden troch foarstanners en earder ophâlde moasten mei harren demonstraasje op it Saailân.

(advertinsje)
(advertinsje)