Rekôroantal belangstellenden foar iepen dei NHL Stenden yn Ljouwert

19 nov 2018 - 11:19

De earste iepen dei fan dit stúdzjejier fan NHL Stenden yn Ljouwert hat sneon 7.000 belangstellenden lutsen, in rekôrtal foar de nije hegeskoalle.

Iepeningskolleezje Frysk op NHL/Stenden - Foto: Facebook Henk Wolf

NHL Stenden fernimt dat hieltyd mear mbû-studinten kieze foar in ferfolchoplieding. De hegeskoalle spilet dêr op yn troch twa-jierrige 'associate degrees' en profesjonele masters oan te bieden. Dy opliedingen wurde tegearre mei bedriuwen ûntwikkele. In foarbyld is de nije oplieding 'Ad Online Content Creator'.

Neffens NHL Stenden komt de hege opkomst by de iepen dei net as in ferrassing, om't it tal ynskriuwingen yn it heger ûnderwiis dit jier lanlik mei 3 prosint omheech gien is. By NHL Stenden sels mei 8 prosint.

(advertinsje)
(advertinsje)