Ynwenners Koudum stypje Kringloop Emmaus yn skeel mei gemeente

19 nov 2018 - 10:40

Hûnderten minsken út Koudum en omkriten stypje de Kringloopwinkel Emmaus yn har skeel mei de gemeente Súdwest-Fryslân. Sy hawwe dat witte litten fia hantekenaksjes en in digitale petysje. De Kringloopwinkel hie jierrenlang in ôfspraak mei de gemeente Nijefurd dat sy guod dat se net kwyt koene, fergees nei it stoart bringe koene. De nije gemeente Súdwest-Fryslân wol dat de Kringloop tenei betellet foar it stoart.

Foto: Google Streetview

Neffens Emmaus soe dat jierliks 20.000 euro kostje. Fan de opbringst fan 30.000 euro foar goede doelen, bliuwt dan te min oer. It bestjoer fan Emmaus is benaud dat frijwilligers net langer de motivaasje opbringe kinne om't sy it idee hawwe foar in kommersjele ferwurker wurkje te moatten.

De mear as 200 hantekeningen tsjin dit foarnimmen wurde op 25 novimber oanbean oan boargemaster en wethâlders en oan de gemeenteriedfraksjes. De kwestje wurdt op 27 novimber bepraat yn de kommisje.

(advertinsje)