Fries Museum hellet bysûnder wurk nei 300 jier wer nei Nederlân

19 nov 2018 - 10:07

It Fries Museum hellet in wurk fan Rembrandt werom nei Nederlân, wat al sûnt 1727 net mear te sjen west hat yn ús lân. It giet om in selsportret fan de skilder: Zelfportret 1632. It wurk wurdt nei Nederlân helle foar de tentoanstelling Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw.

Rembrandt van Rijn, Zelfportret, 1632, olieverf op paneel Burrell Collection Glasgow | Geschonken door Sir William en Lady Burrell aan de stad Glasgow - Foto: Fries Museum

It wurk is op dit stuit ûnderdiel fan de Burrell Collection yn Glasgow. Rembrandt makke it wurk yn 1632, en it hat dêrnei in grut ferskaat oan eigeners hân. Yn it begjin fan de 18e iuw kaam it yn de kolleksje fan Louis Philippe II, de Hertoch fan Orléans. Dêrnei is it selsportret ferkocht oan de Londonske keunsthanneler Thomas Moore Slade. Yn 1946 kaam it fia fia yn hannen fan de Skotske sakeman Sir William Burrell, dy't it dêrnei oan de stêd Glasgow joech. It skilderij hat yn de tuskentiid nea wer yn Nederlân te sjen west.

Foar de tentoanstelling fan it Fries Museum komme der mear as santich skilderijen yn brûklien nei Ljouwert. De wurken komme ûnder oaren fan musea yn London, Parys en Gent.

De tentoanstelling Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw iepenet op 24 novimber en duorret oant 17 maart takom jier.

Foto: Fries Museum
(advertinsje)
(advertinsje)