Mear as 200.000 euro foar heger berop Blokkearfriezen

19 nov 2018 - 09:33

De donearaksje foar de Blokkearfriezen hat al mear as 200.0000 euro opsmiten. Moandeitemoarn wiene der mear as 10.000 donaasjes binnenkaam, goed foar 201.200 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It jild is bedoeld om in mooglik heger berop mei de bekostigjen. Inisjatyfnimmer Robin van Prattenburg hie yn it foar sein dat hy snein 18 novimber mei de aksje ophâlde soe.

De Blokkearfriezen waarden op 9 novimber feroardiele ta wurkstraffen. Boechbyld Jenny Douwes krige mei 240 oeren de heechste straf. De groep Friezen dy't ferline jier in blokkade opsette op de A7 by De Jouwer, om foar te kommen dat trije bussen fol tsjinstanners fan Swarte Pyt by de lanlike yntocht yn Dokkum demonstrearje koene, beriede harren noch op de fraach oft se heger berop oantekenje sille.

(advertinsje)
(advertinsje)