Council of Europe kin him klear hâlde foar in pittige besite oan Fryslân

19 nov 2018 - 08:58

De Ried fan Europa - Council of Europe - komt moandei nei Fryslân foar in wichtige en pittige besite. De Europeeske advysried wol sjen oft Nederlân him wol hâldt oan it ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. De Ried fan de Fryske Beweging hat stevige krityk op dit belied yn Nederlân, wat de Fryske taal oanbelanget. Benammen dat Fryske skoallen sels bepale kinne oft en wat se oan it Frysk dogge sit de ried dwers.

Foto: Omrop Fryslânm, Jeroen Boersma

De Fryske taal wurdt ek yn de media net serieus genôch naam neffens de Fryske ried. It soe in lykweardige posysje oan it Nederlânsk hawwe moatte mar dat is by langenei net sa. Dat jildt ek foar it Frysk yn de rjochtbank. Offisjeel mei it, mar de rânebetingsten binne faak net stimulearjend.

Tal fan besites

Dizze saken sil foarsitter Geart Benedictus moandei by de besite fan de advyskommisje oer it fuotljocht bringe. De advyskommisje sil dan ek mei tal fan oare Fryske organisaasjes prate lykas studinteferiening Bernlef, jongerenorganisaasje FYK en de Jongfryske Mienskip. Letter op de dei wurdt it selskip ek ûntfongen troch deputearre Sietske Poepjes en binne der noch oerlizzen mei tal fan oare Fryske organisaasjes lykas de AFUK, Dingtiid, EBLT en hegeskoalle NHL Stenden.

Sinti, Roma en Molukkers

Op tiisdei sil de advysried prate mei fertsjintwurdigers fan de Sinti en Roma en de Molukkers. Dizze minderheden wolle ek graach opnaam en beskerme wurde yn it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden, mar de Ryksoerheid wol dêr net oan.

Nederlân hat op dit stuit mar ien erkende minderheid en dat is de Fryske minderheid. De Ried fan Europa sjocht dêr wat oars tsjinoan en hat Nederlân earder al frege om it ferdrach 'rommer' ta te passen.

Foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging

De advyskommisje fan de Ried fan Europa yn it Provinsjehûs - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)