Kollum: "Lekker deegik"

"Stellen dy't yn de 'wy-foarm' prate, binne lokkiger. Dat skreau RTL Nieuws ferline wike. "Wy binne swanger. Wy hâlde fan in goed glês wyn." Minsken dy't by alles de 'wy-foarm' brûke, hawwe in stabile relaasje, sa docht bliken út ûndersyk. Ik krige der altyd pikefel fan, fan sokke minsken. It is sa alderferskriklik deeglik. Mar ik moat tajaan. Dat wurd ik sels ek.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Lêstendeis betrape ik my der op dat ek ik de 'wy-foarm' brûkte doe't my frege waard wat ik fan in bepaalde telefyzjesearje fûn. "Wy fine dêr net sa folle oan", hearde ik mysels sizzen. Jakkes jong. En dit is noch mar it begjin. Want hiel earlik: ik bin de ôfrûne tiid sa deeglik wurden as in Billy boekekast fan Ikea.
Steltsjes dy't hân yn hân rinne op strjitte. Twa jier lyn koe 'k der wol fan spuie. Doch efkes gewoan, tocht ik dan wannear't ik sa'n fereale pearke strunen seach. Fielst 'm al oankommen: ik mei no mar wat graach hân yn hân rinne.
Minsken dy't alles earst oerlizze moatte mei de partner foardat se in ôfspraak meitsje kinne. Jasses, fûn ik in jier lyn noch. Tsjintwurdich moat ik earst in appke stjoere om te tsjekken oft 'wy' kinne. Sels ôfspraken foar it wurk op 5 desimber oerlis ik al mei it thúsfront fanwege Sinteklaas. Net bêst.
Ik skamje my der hast foar om it te fertellen, mar op mominten dat ik efkes neat te dwaan haw, pak ik it Diamond Painting-doaske fan de bern. Dat is wol sa aldermachtichst kneuterich, mar sa lekker ûnnoazel, omdat ik efkes nearne oan hoech te tinken.
Foar wa't it net ken: Diamond Painting is in soart fan 'Painting by numbers'. Moatst lytse diamantsjes op bepaalde nûmers plakke en sa ûntstiet der stadichoan in skilderijke. Wy beplakke op dit stuit in roaze oaljefant. En mei wy bedoel ik eins mysels, want de bern fine it mar dom wurk. En dêr hawwe se noch gelyk yn ek.
Noch sa'n deeglike nije ûntwikkeling: wy keapje tsjintwurdich klean by de Primark; in winkel dy't bekend stiet om de alderferskriklikst lege prizen. Dus hiel Nederlân fleant der hinne om basic shirtsjes en goedkeape truien en broekjes foar de bern. Dy groeie der ommers yn trije moanne tiid dochs wer út, dus wêrom djoer dwaan. Krekt; ek wy stiene twa wike lyn yn de rige foar de kassa fan de Primark.
En ferline wike hawwe wy as toppunt fan deeglikheid in goermetstel kocht. Yn de oanbieding by in outlet saak, ek dat noch. Jûns sieten wy mei ús allegearre om tafel om yn dy lytse pantsjes pankoekjes en speklapkes te bakken. De hiele keet stie blau fan de itenslucht, mar wat hawwe wy lekker deeglik sitten te goermetten.
Is der noch hoop, hear ik jim tinken? Jawol. Dit wykein binne wy nammentlik in wykeintsje fuort west. Wy sieten yn in 'natuurhuisje' yn Midwolda. In prachtige romantyske Skandinavyske blokhutte, mei in eigen sauna en in hearlike houtkachel. Wy hiene sels ús eigen 'afkoelpoel' bûten yn de tún.
It wie prachtich waar doe't wy oankamen: Ha! tocht ik, einliks ris wat oars as oars. Net sa'n burgerlijk Center Parcs húske op Huttenheugte. Ik wie suver grutsk op mysels dat ik ris net sa deeglik wie. Doe't de eigener mei de kaai kaam en de doar iepen die, liet er ús grutsk it hûske sjen. Hy sloech mei syn hân tsjin de grutte houten bylzen. "Ja", sei er, "zo degelijk vind je ze nergens.""