Bart de Vries op it poadium by de Holland Cup

19 nov 2018 - 07:18

Reedrider Bart de Vries fan It Hearrenfean hat yn Alkmaar it tredde plak helle op de 5.000 meter op de Holland Cup. De Holland Cup is in rige wedstriden, dêr't reedriders punten fertsjinje kinne. Mei dy punten kinne se harren pleatse foar it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen.

Foto: Orange Pictures

De Vries ried de 5.000 meter yn 6.40.66. Hy wie dêrmei mar in pear hûndertste stadiger as Thomas Geerdinck, dy't op it twadde plak bedarre. De winst gie by de 5.000 meter nei Mats Stoltenborg, dy't mei 6.35.86 in stik rapper wie as syn tsjinstanners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)