Jilt Jorritsma fan Grou wint essaypriis Joost Zwagerman

De 27-jierrige Jilt Jorritsma fan Grou hat snein de earste Joost Zwagerman Essaypriis wûn mei syn essay 'Onthoofd'. Jorritsma is histoarikus en wurket op dit stuit oan syn earste roman. Hy krijt 7500 euro en syn wurk krijt in plakje yn in tydskrift of op in literêr platfoarm.
In wurk fan Joost Zwagerman sels © ANP
It essay (dat hjir folslein yn PDF werom te lêzen is) is dreech yn in pear wurden út te lizzen. Jorritsma skriuwt ûnder oare oer de oanfal op de Twin Towers, en de opfallende saken dy't dêr yn it pún weromfûn waarden. Dêrnjonken skriuwt er oer Johannes de Doper en de kwantummeganika.
Underwerpen dy't sa op it earste gesicht neat mei-inoar te krijen hawwe. Dochs hawwe se in bân, en ferklearje se inoar. As dit by de lêzer fernuvering kreëarret dan is dat goed, sa seit Jorritsma tsjin de Volkskrant: "Als schrijver leg je de verbanden niet zelf: je geeft de lezer wat informatie en daar moet hij zelf dingen mee doen. Daarmee neem je de lezer ­serieuzer dan wanneer je hem alles aanreikt. Je wekt een gevoel op: wat hier staat heeft wel enigszins met ­elkaar te maken, maar ik heb geen idee hoe."