Partijen Noardeast-Fryslân noch drok oan it kampanje fieren

19 nov 2018 - 06:02

Yn de lêste dagen foar de weryndielingsferkiezings binne guon partijen noch drok oan it kampanje fieren. Kommende woansdei meie de ynwenners fan Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dongeradiel nei de stimbus. Dy trije gemeenten foarmje fan 1 jannewaris ôf de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De lokale partij S!N, gearstald út Dongeradiel Sociaal, GrienLinks en leden fan de SP, D66 en de PvdA, rint troch ien fan de wiken yn Dokkum. Se geane by de doarren del om minsken in folder te jaan en op te roppen om te stimmen. "Dat is foar ús it alderbelangrykste, dat minsken nei de stimbus geane", seit ien fan de kampanjefierende S!N'ers. "Se hoege net op ús te stimmen. Leaver wol fansels, mar je wolle in nije gemeenteried hawwe mei in soad draachflak."

Listlûker Gryte Schaafstal fan de PvdA nûget minsken út om mei har op 'e kofje te gean. Se moatte dan al in ferkiezingsposter mei har holle derop 'stellen' hawwe en by har werombringe.

Der falt wol wat te kiezen, no't it Ryk mei jild komt.

VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries

Op oare plakken wurdt âlderwetsk foldere op strjitte. It giet om in grutte groep VVD'ers dy't in kroade fol mei folders by harren hawwe. De liberalen sette in swiergewicht yn: VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries. Ek sy ropt op om woansdei nei de stimbus te gean. "Der falt echt wol wat te kiezen no. Hielendal no't krekt dúdlik is dat it Ryk in soad jild yn it gebiet stekt."

Freed waard bekend dat der 25 miljoen euro nei Noardeast-Fryslân giet foar it oppakken fan guon projekten, lykas Holwert oan See.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach yn kampanjetiid yn Dokkum

De ferkiezings by Omrop Fryslân

Woansdei geane de stimbussen iepen. Omrop Fryslân docht de hele dei ferslach. Moandeitejûn is it grutte slotdebat yn De Herberg yn Dokkum, ûnder lieding fan René Koster. Dat is fan 19.30 oere ôf te sjen op omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

(advertinsje)