Ineke Dedden wint 3.000 meter op Hollân Cup yn Alkmaar

18 nov 2018 - 21:59

Reedrydster Ineke Dedden fan It Hearrenfean hat yn Alkmaar de 3.000 meter op de Hollân Cup wûn. De Hollân Cup is in searje wedstriden, dêr't reedriders punten fertsjinje kinne. Mei dy punten kinne se harren pleatse foar it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen.

Argyffoto Ineke Dedden - Foto: www.orange-pictures.nl

Dedden ried de 3.000 meter yn 4.18.65. Dêrmei wie se in pear sekonden rapper as Imke Vormeer (4.20.78) en Roza Blokker (4.21.22).

Op de 500 meter by de manlju stie der ek in Fries op it poadium: Jesper Hospes fan It Hearrenfean waard twadde yn 36.43. De oerwinning gie nei Pim Schipper: dy hie 36.29 nedich.

(advertinsje)
(advertinsje)