Kultuerpriis Gratama foar keunstner Jan Ketelaar

18 nov 2018 - 21:30

Keunstner Jan Ketelaar út Drachten hat sneintemiddei de Gratama krigen. Dy kultuerpriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan in persoan of ynstânsje dy't wichtich wie op kultuer-maatskiplik mêd. De Gratama is ferneamd nei teäterman Rients Gratama, dy't ferline jier ferstoar.

'Wachten op Hoogwater' fan Jan Ketelaar - Foto: Jan Ketelaar

Ketelaar is potzemakker, byldhouwer, dichter en sûnt koart ek muzikant. In potz is, hoe't Ketelaar it sels omskriuwt, in 'serieuze grap'. Mei syn bylden, ynstallaasjes, potzen en poëzy reagearret Ketelaar neffens de sjuery op de wrâld om him hinne, sadat dy te ferdragen is.

"Het werk van Jan draagt een vorm van humor mee die de toeschouwer kan ontroeren of doen glimlachen. Daarnaast is Jan in staat met staal en marmer tederheid in zijn beelden uit te drukken", skriuwt de sjuery.

Sjuery wie unanym

Dy sjuery bestiet út in fêst trijetal: kultuerwethâlder Marjan Sijperda fan Smellingerlân, De Lawei-direkteur Stef Avezaat en Carla Gratama-Van der Heijde, de widdo fan Rients Gratama. Sy wienen unanym yn har beslút om de Gratama oan Ketelaar te jaan. Dat kaam troch de "veelzijdigheid van Jan op het gebied van cultuur en zijn uitstraling".

By it winnen fan de Gratama heart in jildpriis fan 2.500 euro en in metalen weetkerrel-skulptuer mei brûns.

Eardere winners Gratama

Eardere winners fan de Gratama binne Rients Gratama sels, Jos Thie, Peter Tuinman, Jan de Jaan, Rutger Hauer, Grietine Molenbuur en Klaas van der Woude.

(advertinsje)