Fakbûnen ferwachtsje mear aksje, Douwe Egberts seit wol prate te wollen

De staking fan teefabryk Jacobs Douwe Egberts op De Jouwer is snein om 22.00 oere úteinset mei de jûnsploech. Mei de staking wolle de wurknimmers in goede cao ôftwinge. Fan moandeitemoarn ôf koene de stakers harren ynskriuwe. De produksje fan tee kaam mei de staking hielendal stil te lizzen. Ek minsken fan de bûtentsjinst stake, sadat kofje foar de automaten by bedriuwen net oanfold wurdt. De bûnen tinke net dat it by dizze aksje bliuwt.
© Omrop Fryslân
It personiel wol 3,5 persint mear lean, mei weromwurkjende krêft fan 1 july 2018 ôf. Fierder binne se net akkoart mei de fermindering fan de atv-dagen en de nije roasters. Wat de wurknimmers oanbelanget moat der in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de hege wurkdruk.
"Het is niet logisch dat de medewerkers moeten instemmen met een verslechtering van arbeidsvoorwaarden, terwijl het met het bedrijf heel goed gaat", seit Niels Suijker, bestjoerder fan FNV Voedingsindustrie. "Ook het uitstelgedrag om pas over twee jaar concrete afspraken te maken tegen de hoge werkdruk, is prut."

Mear stakingen

Op De Jouwer binne de earste stakingen, mar neffens de FNV komme der mear stakingen, as it bedriuw net foldocht oan de easken. "We houden er sterk rekening mee dat deze actie niet genoeg is, daarom plannen we andere acties gewoon door", sa seit Suijker. "Nu staken we alleen maar bij de theefabriek, dat is maar een gedeelte van de fabriek in Joure. Wat we precies gaan doen (als deze eerste actie niets oplevert) houden we eerst nog geheim, tot het einde van deze actie."
Staking teefabryk Douwe Egberts op De Jouwer, bûnen ferwachtsje mear aksjes

Jacobs Douwe Egberts wol yn petear

In wurdfierder fan Jacobs Douwe Egberts lit witte dat se de aksjes betreure en wiist der op dat de mearderheid fan de wurknimmers der net oan meidocht. Yn de moarnsploech is de produksje fan de tee wer úteinset, sadat klanten der gjin lêst fan hân hawwe. Fierder fynt it bedriuw dat se it personiel in goed cao-foarstel dien hawwe.
Foar nije meiwurkers wolle se it tal frije dagen wol werombringe fan 48 nei 36, neffens de cao Diensten. "Dit willen we doen om de beide cao's binnen JDE meer in balans met elkaar te brengen. Deze aanpassing geldt niet voor huidige medewerkers; zij behouden hetzelfde aantal ADV-dagen", seit Edith Janssen fan JDE.
Se wolle ek in konkreet plan fan oanpak opstelle om de minsken fit en sûn oan it wurk te hâlden. Fierder binne se ree om yn petear te bliuwen mei de bûnen en hoopje se net dat der fierdere aksjes komme, om't dat skealik foar it bedriuw is.
Stakers by it aksjesintrum © Omrop Fryslân