Stroetinga en Havik njonken it poadium op 'Zesdaagse' fan Gent

18 nov 2018 - 20:33

It is hurdfytser Wim Stroetinga fan Terwispel en syn maat Yoeri Havik net slagge om in poadiumplak te bemachtigjen by de 'Zesdaagse' fan Gent. Snein wie de lêste dei en Stroetinga en Havik einigen as fiifde. De oerwinning gie nei in spektakulêre slotdei nei de Italiaan Elia Viviani en de Belch Iljo Keisse. It is foar Keisse al de sânde einoerwinning yn Gent.

Wim Stroetinga en Yoeri Havik yn Gent - Foto: www.orange-pictures.nl

De trije duo's dy't op it poadium einigen, sieten allegear yn deselde ronde. Utsein Viviani kaam it hiele poadium út België. Stroetinga en Havik einigen op in efterstân fan twa ronden.

Ferline jier waarden Stroetinga en Havik tredde. De Fries waard yn 2011 en 2013 ek al twadde. It wie dit jier de 78e edysje fan de Zesdaagse van Gent.

(Advertinsje)
(Advertinsje)