Bedriuw útbrânde loads Nijewier betanket stipers: "Hartverwarmend en bijzonder"

It bedriuw descheepstimmerman.nl yn Nijewier is tankber foar alle help en stipe dy't it nei de brân fan earder dit wykein krijt. Yn de nacht fan freed op sneon ferwoaste in grutte brân de loads fan it bedriuw oan de Siercksmawei.
"We zijn onze showroom, productieruimte, gereed staande producten en kantoor kwijt", skriuwe se op Facebook. Dêrom sykje se no ek in tydlike produksje, sadat se sa gau as mooglik wer oan de slach kinne. "We hebben even tijd nodig, maar hopen snel de bestelde meubelen te kunnen leveren."
De minsken efter it bedriuw neame alle stipe dy't se krije "hartverwarmend en bijzonder". It is eins net út te drukken yn wurden, sizze se.