Aris pakt mei hakken oer de sleat winst op Den Helder

18 nov 2018 - 18:12

De basketballers fan Aris ha sneintemiddei it belangrike kompetysjeduel tsjin Den Helder Suns wûn. Yn it Kealledykje waard it nei in tige spannende slotfaze 88-85 foar de ploech fan Tony Van den Bosch. Griffin Kinney wie de topskoarer by de Ljouwerters mei 26 punten. Hy hie ek nochris 16 rebounds. Ek Deividas Kumelis hie in double-double: 10 punten en 11 assists.

Aris kaam goed út de startblokken. Binnen koarte tiid hiene de Ljouwerters in 7-0 foarsprong op it skoareboerd stean. De Noard-Hollanners kamen dêrnei better yn de wedstriid, mar koene net foarkomme dat it earste kwart mei 24-19 nei Aris gie.

Sloardich twadde kwart

Yn it twadde kwart waard de thúsploech sloardich. Dêrtroch makke Den Helder de efterstân goed en kamen sy sels op in 34-38-foarsprong. De Ljouwerters giene troch twa trijepunters fan David Michaels dochs as lieder it skoft yn: 43-42.

Ek nei it skoft gong it gelyk op yn it Kealledykje. Aris fergrutte de foarsprong wol nei 62-57. Eins hie it ferskil twa punten grutter wêze moatten, mar de wedstriidsjuery makke in flater: doe't Aris eins op 53-51 kaam, waard der ien punt by Aris opteld en ien by Den Helder. De stân kaam dêrtroch op 52-52.

Pas yn it fjirde kwart, mei noch op 4.58 op de klok, makke de wedstriidsjuery dy flater wer goed. De stân feroare doe fan 75-75 yn 76-74 yn it foardiel fan Aris. Dat late ta grutte ergernis fan de coach fan Den Helder, Peter van Noord.

Mei noch in goede minút op de klok wie it 83-83. Michaels brocht Aris mei in trijepunter op 86-83, mar mei noch 21 sekonden te gean waard it gat troch Den Helder werombrocht oant 86-85. Mei twa rake frije werpen fan topskoarer Griffin Kinney waard it mei 9.8 sekonden op de klok 88-85. Dat wie ek de einstân.

Aris no sechsde

Aris en Den Helder hiene foar dizze wedstriid beide trije kear wûn. Mei de oerwinning komt Aris op plak seis te stean.

'Yllegale' wiksel

De technyske stêf fan Den Helder soarge yn de earste helte ek noch foar in opmerklik momint, doe't se Thibault Vanderhaegen ynbringe woene. De Belch wie foar de wedstriid nammentlik net op it wedstriidformulier setten en mocht dus net spylje. De wedstriidkommissaris lette doe noch wol goed op en foarkaam de wiksel.

(advertinsje)