613 ferkearsslachtoffers betocht op Saailân mei 613 lege stuollen: "Dit lit de minsken net kâld"

18 nov 2018 - 17:07

Lege wite stuollen útstald yn de foarm fan Nederlân. De eksakt 613 steane op it Saailân yn Ljouwert. It tal stiet gelyk oan it tal slachtoffers dat yn 2017 fallen is yn it ferkear yn Nederlân. Snein waarden se yn Ljouwert yn oanwêzichheid fan ferkearsminister Cora van Nieuwenhuizen betocht.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

"613, dat is in hiel soad as je der even by neitinke", seit Jett van der Werf fan de feriening Verkeersslachtoffers. Se rint sels mei twa krukken. Van der Werf is oanriden troch in dronken automobilist. "Minsken ha net gau troch hoefolle oft 613 is. Dat is twa kear it tal minsken dat omkaam is by it delheljen fan MH17."

Van der Werf fynt it dan ek needsaaklik dat der folle mear stilstien wurdt by it leed dat in ûngelok feroarsaakje kin. Se is sels ek ûnder de yndruk fan de 613 lege stuollen. "Safolle ferkearsdeaden, safolle ferdriet, safolle triennen. Dit lit de minsken net kâld, as se dit sjogge en de bedoeling witte."

Tink om fytsers

Op it Saailân sels rinne minsken fan Traffic Informers rûn. Ien fan har is Riemer Sinia. Doe't hy acht jier âld wie, is er oanriden troch in automobilist: "Ik ha dêr hersenletsel oan oerhâlden. Ik bin noait wer better wurden."

Op skoallen jout Sinia no foarljochting oan jonge bern. Foar automobilisten hat hy in boadskip: "Tink goed om de fytsers op de dyk. Je witte net wat se dogge. Hâld rekken mei-inoar."

Nei nul ferkearsslachtoffers

It tal ferkearsslachotffers kin maklik in ein omleech, tinkt Jetty van der Werf: "De technyk is der wol. Dy man dy't mei oanriden hat, wie al in kear pakt foar riden ûnder ynfloed. In alkoholslot kin op sa'n momint útkomst biede."

Ek deputearre Sietske Poepjes tinkt net dat nul ferkearsslachtoffers ûnmooglik is: "It sil hiel dreech wurde, mar mei technyk kinne we in hiel ein komme. Dan moatte je al mei syn allen sizze: dit wolle we!"

"It is falen en dat docht sear"

Poepjes is rekke troch it byld fan de lege stuollen. As bestjoerder mei ferkear yn de portefúlje is se hast alle wiken dwaande mei it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens op de diken. "Dizze 613 lege stuollen meitsje yndruk. It jout oan dat it belied dat je as oerheid meitsje net optimaal is. It kin lizze oan de ynfrastruktuer, dus oan ûnfeilige diken. Dêr meie en moatte je de oerheid op oansprekke. Mar dit is falen en dat docht sear."

(advertinsje)