Jan Waterlander (50PLUS) definityf net werom yn de Steaten

18 nov 2018 - 15:55

Jan Waterlander, fraksjefoarsitter fan 50PLUS yn Fryslân, komt definityf net werom yn de nije Provinsjale Steaten. Waterlander wie troch de leden passearre as listlûker. Dy keazen foar Theun Wiersma. Waterlander hie al oanjûn gjin leger plak op dy list te ambiearjen. Wol hong noch boppe de merk dat Waterlander mooglik mei in nije partij komme soe. Yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries wie Waterlander snein lykwols dúdlik: "Nee, nee, dat doch ik net."

Foto: Omrop Fryslân

Waterlander wit noch net hoe't syn politike takomst derútsjocht. "Ast maatskiplik belutsen bist en dy thús fielst yn de polityk, dan witst noait wat der bart."

Rebûlje by âldereinpartijen

Fierder hie Waterlander wol in ferklearring foar it feit dat it sa faak rebûlje is by âldereinpartijen. "De leden komme eins altyd fan oare partijen dêr't se mei spul of teloarsteld wei giene, dus it binne faak ek wol wat dwerslizzers. Dy tinke allegear dat se wol witte hoe't it moat." Jan Waterlander sels wie earder aktyf yn de PvdA en SAM, foar't er oerstapte nei 50PLUS.

Dêr hat it ek ûnrêstich west. Waterlander: "Doe't Dales in healjier lyn foarsitter waard, sei er: der moat no rêst komme yn de partij. Mar sûnt dy tiid binne al trije bestjoersleden opstapt. De iene helte wol no de oare helte út de partij ha, en oarsom."

50PLUS is de langst besteande âldereinpartij, mar ik freegje my wol ôf hoe lang noch.

Jan Waterlander

"Diskusje is net in soad mis mei, mar ferjit net: 50PLUS is wol de langst besteande âldereinpartij", seit Waterlander. De partij waard oprjochte yn 2009. "Mar hoe langt se dat noch binne, freegje ik my wol ôf. Wy ha de kommende tiid twa kear in lanlike fergadering. Even ôfwachtsje hoe't dat útpakt. It kin mar sa wêze dat Geert Dales ek wer it fjild romje moat, of dat it hiele bestjoer fuortgiet. Dan ûntstiet der in nije sitewaasje."

Jan Waterlander yn Buro de Vries oer 50PLUS

(advertinsje)