FIDEO: Flyers nei golden goal thús ûnderút tsjin HIJS Hokij

18 nov 2018 - 14:51

De UNIS Flyers ha sneon de oerwinning út hannen glippe litten. Op Thialf kamen de iishockeyers fan It Hearrenfean mei 2-0 foar, mar flak foar tiid koe HIJS Hokij dochs noch op gelikense hichte komme. Yn de ekstra tiid beslisten de Hagenezen de wedstriid mei de golden goal: 2-3.

Jasper Nordemann is 22 jier, komt út Amsterdam, en is tegearre mei syn jongere broer Viktor dit jier nij by de seleksje fan de UNIS Flyers.

Nei in drokke perioade mei in soad ferskillende klups tinkt hy yn Fryslân syn plakje fûn te hawwen.

(advertinsje)