Wüst en De Jong misse poadium op 3000 meter, De Vries achtste op 5000 meter

18 nov 2018 - 12:58

Ireen Wüst en Antoinette de Jong binne der net yn slagge om in poadiumplak te pakken op de 3000 meter fan de wrâldbekerwedstriden yn Japan. Wüst ried mei 4.06.13 nei it sechde plak. De Jong einige as sânde yn 4.06.57.

Foto: Orange Pictures

Reina Anema moast it dwaan mei in trettjinde plak. Har tiid wie 4.10.28. De oerwinning op de 3000 meter gie nei Esmee Visser yn in tiid fan 4.04.60. Twadde en tredde waarden de Russise Natalja Voronina en de Tsjechise Martina Sábliková.

5000 meter

By de manlju wie Douwe de Vries de iennige Fries dy't de 5000 meter ried. Sven Kramer soe ek ride, mar sei ôf mei rêchproblemen. De Vries kaam net fierder as it achtste plak. Hy ried in tiid fan 6.24.83.

De Vries syn ploechgenoat Patrick Roest wûn de 5000 meter yn in tiid fan 6.13.01. Twadde waard Aleksandr Roemjantsev út Ruslân en as tredde einige Marcel Bosker.

Douwe de Vries

Douwe de Vries - Foto: ANP
(advertinsje)