Bonnemapriis fan 20.000 euro foar Jan Nauta

18 nov 2018 - 12:32

De Abe Bonnemapriis foar jonge arsjitekten giet nei de 36-jierrige Jan Nauta fan Rotterdam. Dat hat foarsitter Ed Nijpels sneon bekend makke yn de Achmeatoer yn Ljouwert.

Foto: abebonnemaprijs.nl

Nauta kriget de priis mei in wearde fan 20.000 euro foar syn ûntwerp fan it Huis aan het Meer yn Aldegea (W). Neffens de sjuery is it ûntwerp "een prestatie van uitzonderlijke, hoogwaardige architectonische kwaliteit, die toekomstige generaties inspireert en die tot voorbeeld strekt."

Trefwurden: 
studio Nauta Bonnemapriis
(advertinsje)