LDODK pakt earste punten yn Kuorbal League

18 nov 2018 - 12:08

Yn de Kuorbal League hat LDODK de earste punten pakt. Nei de gefoelige nederlaach ferline wike tsjin DOS'46 yn eigen hûs, wûn de ploech fan Henk Jan Mulder no yn Bennekom mei 31-27 fan DVO.

Foto: Facebook: LDODK

Yn de earste helte gie it in skoft lykop. DVO koe by bliuwe oant 10-11. Flak foar it skoft rûn LDODK út, mei troch in tûke Erwin Zwart, nei 10-16. Zwart waard topskoarder mei 10 goals.

Fuort yn de twadde helte soarge de oare ynternasjonal fan de Friezen, Marjolijn Kroon, foar in noch grutter ferskil. Kroon wie úteinlik goed foar 6 doelpunten.

Binnen fiif minuten rûn LDODK út nei leafst 10-21 en dêrmei wie it duel beslist. Yn de einfaze mocht DVO de stân in bytsje draagliker meitsje.

Haadklasse set útein mei wikseljend sukses

De Fryske haadklassers kamen sneon foar it earst yn de seal yn aksje. De kuorballers fan Mid Fryslân spilen yn Amsterdam tsjin AW.DTV en koenen dêr ien helte meikomme. By it skoft wie it 17-13, mar de einstân wie in stik heger: 30-18 foar de Amsterdammers.

SCO út Aldeholtpea die it better. Yn sporthal de Steense yn Wolvegea waard yn in spannend duel Unitas út Hurderwyk mei 26-23 ferslein.

(advertinsje)