Kamminga earste en Ariëns twadde op KPN Marathon Cup yn Haarlem

18 nov 2018 - 11:52

Manon Kamminga fan Haulerwyk is sneontejûn winner wurden yn de fiifde wedstriid fan de KPN Maraton Cup. De 26-jierrige rydster fan TeamA6.nl bleau yn de einsprint Merel Bosma fan Snits en Bente Kerkhoff út Oostwoud foar. It wie foar Kamminga har earste oerwinning dit seizoen op keunstiis.

By de manlju is Crispijn Ariëns fan Wolvegea sneon twadde wurden. Op de iisbaan fan Haarlem wie Sjoerd den Hartog út Grins winner fan de wedstriid. Ariëns finishte as twadde foar de Nij-Seelanner Peter Michael.

Opfallend is dat de Royal A-ware-ploech fan Jillert Anema op 'e nij gjin rol fan betsjutting spilet yn de einstriid. Jorrit Bergsma is de heechst klassearre rider fan dy ploech. De Boarnster einige as fiifde. De ploech fan Anema hat by de manlju noch gjin maraton wûn dit seizoen.

(advertinsje)