Tsjerkegongers yn Frjentsjer op de flecht foar reek

Sa'n hûndert tsjerkegongers dy't in tsjinst bywennen yn de Voorhof yn Frjentsjer binne sneintemoarn evakuearre. Under de tsjinst ûntstie der reekûntwikkeling achter yn de tsjerke.
Tsjerkegongers op de flecht foar reek
De tsjerkegongers binne sa gau as mooglik it gebou útgien. In pear minsken hawwe dêrby reek ynazeme. De oproppen ambulânse wie lykwols net nedich. De brânwacht skaalde grut op, mar al gau die bliken dat der gjin sprake wie fan brân.
De reek is ûntstien achter in betimmering achter yn de tsjerke, njonken in elektrisiteitsmjitter. Der is dêr gjin fjoer sjoen. Om't der no noch reek út komt, wurdt it gebou goed yn de gaten hâlden en ynspektearre.
De brân siet yn it dak © Postema-media