Museum en wurkplak Houtstad Drylts wint Vredeman de Vries

18 nov 2018 - 10:23

De Vredeman de Vries-priis 2018 is wûn troch museum en wurkplak Houtstad yn Drylts en arsjitekteburo Onix NL yn Grins. De priis foar de moaiste arsjitektuer waard sneon útrikt yn museum Belvédère yn Oranjewâld.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De sjuery neamt it museum in bouwurk dat respektfol omgiet mei de âlde houtseachmûne en de direkte omjouwing. Yn it sjueryrapport stiet dat it de ultime boude foarm fan mienskip is. De priis bestiet út 5000 euro foar de opdrachtjouwer en de arsjitekt tegearre.

Der wiene fiif nominearren: de Blokhúspoarte yn Ljouwert, Nijbouwenning en Atelier yn Bartlehiem, Huis aan het Meer yn Aldegea en Poortgebouw Nachttuin yn Wier grypten krekt njonken de priis.

De publykspriis giet dit jier nei de nijbou Parkhoven yn Ljouwert fan VNL Architecten yn Grou.

De Vredeman de Vries-priis is in provinsjale priis. Alle jierren wurdt dy útrikt. It iene jier foar arsjitektuer, it oare foar foarmjouwing.

Trefwurden: 
Vredeman de Vries
(advertinsje)