Stroetinga en Havik noch yn de race foar oerwinning Zesdaagse van Gent

18 nov 2018 - 09:55

Hurdfytser Wim Stroetinga út Terwispel en syn maat Yoeri Havik sitte by de fiif kânshawwers foar de einoerwinning yn de Zesdaagse van Gent. De slotdei fan de baanfytswedstriden is snein. De Belgen Ghys en De Ketele pakten sneon, yn de fiifde nacht fan it toernoai, de lieding yn it klassemint.

Argyffoto mei Yoeri Havik en Wim Stroetinga - Foto: www.orange-pictures.nl

Stroetinga en Havik wûnen sneon it earste puntekonkoers. Fjouwer oare teams diene it ek sa goed dat se ek by de boppeste fiif einige binne. Stroetinga en Havik stiene sneon op plak fiif yn it klassemint.

Stroetinga en Havik waarden ferline jier tredde. De Fries waard yn 2011 en 2013 ek al twadde. It is de 78e edysje fan de Zesdaagse van Gent.

(advertinsje)