Boargemaster Ljouwert: "Foar- en tsjinstanners moatte mei-inoar prate"

18 nov 2018 - 09:15

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert wol dat de foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt mei-inoar yn petear gean. By de yntocht fan Sinteklaas stiene beide partijen rjocht tsjin mekoar oer. Op it Saailân brûkten plysjes de wapenstôk om de demonstranten útinoar te hâlden.

De ME hat de aksjefierders tsjin Swarte Pyt yn in plysjebuske ôffierd, foar harren eigen feiligens. Crone wol sokke tafrielen takom jier foarkomme. "Ga in gesprek met elkaar. Dan neem ik taart mee", seit de boargemaster.

Neffens Crone is de yntocht yn Ljouwert rêstich ferrûn. "Er was uit voorzorg veel politie-inzet, dat is jammer. Ik wil dit de volgende keer niet weer.''

Rom foar de yntocht fan kommend jier soe in petear tusken foar- en tsjinstanners foar in oplossing soargje moatte, seit Crone, en as it nedich is, wol hy der persoanlik wol oan meiwurkje.

(advertinsje)