Alle trije sets wûn, follybalfroulju VC Snits maklik lâns TT Papendal

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn mei gemak wûn fan TT Papendal Arnhem. De Snitsers wûnen alle trije sets. Papendal hie yn útwedstriden noch mar ien setwinst witte te pakken. Dêr kaam sneon dus neat by. De setstannen wiene 25-17, 25-18 en 25-13.
© VC Snits
Troch de oerwinning stiet Snits no op in 5e plak. It is spannend yn de subtop, want de nûmer trije hat mar 2 punten mear. De foarm fan de Snitsers is de lêste wiken goed. Fan de seis wedstriden hawwe se fiif wûn.