Friezinnen pakke gjin medaljes op 1000 meter wrâldbeker yn Japan

18 nov 2018 - 07:47

De Fryske reedrydster Letitia de Jong is sneon by de op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Japan as njoggende einige. Se finishte yn in tiid fan 1.16.22. Antoinette de Jong kaam yn in tiid fan 1.16.38 oer de einstreek. Dy tiid levere har in alfde plakje op. Bêste Nederlânse wie Ireen Wüst mei in fyfde plak. Sy klokte 1.15.34.

Foto: www.orange-pictures.nl

De 1000 meter yn Obihiro waard wûn troch Vanessa Herzog út Eastenryk yn in tiid fan 1.14.57. It twadde en it tredde plak waarden ynnaam troch Japanske rydsters.

(advertinsje)