UNIS Flyers fersmyt foarsprong yn ekstra tiid fan bekerwedstriid

De UNIS Flyers fan It Hearrenfean ha de bekerwedstriid tsjin HIJS Hokij út Den Haach mei 3-2 ferlern. Yn de ekstra tiid gongen de Flyers ûnderút. It ferlies betsjut dat se de kopposysje yn it bekertoernoai net oernimme fan Geleen. Se binne wol troch nei de heale finale.
Brent Janssen © www.orange-pictures.nl
Yn de earste minuten fan de wedstriid wienen de Flyers it bêste. Yn Thialf sette Trevor Hunt de thúsploech binnen in kertier op in 1-0 foarsprong. Noch gjin heale minút letter wie it al 2-0 troch in doelpunt fan Ronald Wurm.
Yn de rin fan de wedstriid kaam Den Haach werom. Oliver Pataky makke healweis de twadde perioade de 2-1. Yn de tredde perioade krige de Flyers ferskate kânsen om de wedstriid yn it slot te goaien. Mar Jasper Nordemann, Tony Demelinne en Marco Postma wisten net ta skoaren te kommen. De grutste kâns wie foar Ronald Wurm, hy miste in penaltyshot.
Den Haach spile doe alles-as-neat en helle de keeper fan it iis foar in ekstra fjildspiler, en dat waard beleane. Raymond van der Schuit skoarde 39 tellen foar tiid de lykmakker.
Yn de ekstra tiid yn makke Den Haach flot dien wurk. Mike Verschuren skeat nei ien minút en tolve sekonden de winnende treffer achter Flyers-keeper Sjoerd Idzenga.

"Ik weet niet wat er gebeurde"

De Flyers ha dit seizoen trije kear tsjin Den Haach spile. Twa kear ha se wûn. Dat hie eins no wer moatten, seit oanfierder Tony Demelinne.
"Ik weet niet wat er bij ons gebeurde", seit er, "maar we stopten volledig. De laatste 40 minuten hebben we bijna niets gedaan."
Tony Demelinne
Geleen eindigt no as earste yn de bekerkompetysje, de Flyers wurde twadde. Nijmegen en Den Haach fjochtsje noch út wa't tredde en fjirde wurdt. Tusken Kryst en Ald en Nij spylje dizze fjouwer teams de heale finales.
Yn in 'beste-fan-trije' searje spilet de nûmer 1 tsjin de nûmer 4, en de nûmer 2 tsjin de nûmer 3. De beide winners spylje begjin takom jier de bekerfinale.