Cambuur kin de winnende treffer net meitsje yn spannende slotfaze tsjin Volendam

17 nov 2018 - 22:39

Cambuur koe net fierder komme as in 1-1 lykspul tsjin Volendam. Yn in spannende slotfaze koene de Ljouwerters it winnende doelpunt net meitsje. Cambuur wie de boppelizzende partij, mar kânsen ôfmeitsje, ho mar.

De spilers út Volendam makken net in soad klear yn it begjin fan de wedstriid, mar as se wat dienen, wie it fuortdaliks gefaarlik. Yn de santjinde minút koe Nick Doodeman Cambuurdoelman Xavier Mous maklik foarby, nei in foarset fan Boy Deul. Doodeman koe de bal samar yn de lege goal skowe.

Volendam besocht net in protte, mar as der wat barde, hie de ferdigening fan Cambuur it swier.

Issa Kallon en Jari Vlak - Foto: www.orange-pictures.nl

Van Kippersluis skoart foar Cambuur

Flak foar de rêst kamen de Ljouwerers op likense hichte. Skiedsrjochter Stan Teuben lei de bal op de stip, neidat in foarset fan Kevin van Kippersluis by Mohamed Betti tsjin de hân bedarre. Van Kippersluis skoarde fan alve meter ôf.

Yn de twadde helte wiene der kânsen genôch foar Cambuur. De 2-1 hong yn de loft, mar der waard net mear skoard.

In frije traap fan Robbert Schilder hobbele fia Matthew Steenvoorden tsjin de peal. En flak dêrfoar seach it hiele stadion dat Cambuur in nije penalty krije moast. Skiedsrjochter Teuben seach it net. Hy makke der in doeltraap fan.

Spannende slotfaze

Yn it lêste kertier waard Volendam sterker. Hoe mear kânsen Cambuur net ôfmakke, hoe gefaarliker oft Volendam waard. Cambuurkeeper Mous hie hiel wat gelok nedich om in doelpunt fan Volendamspits Kevin Visser te ferhinderjen.

Even like Cambuur noch te winnen. In skot fan Justin Matthieu koe eins net mear keard wurde, mar hy skeat neist. Einstân: 1-1.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)