Concordia Wjelsryp blykt bêste orkest út Fryslân op OMF muzykkonkoers yn De Lawei

17 nov 2018 - 21:55

Mei 86 fan de maksimale 100 punten wûn Concordia Wjelsryp in earste priis op it nijierskonkoers fan it Fryske muzykbûn. It orkest promovearret dêrtroch nei de twadde difyzje.

Foto: Omrop Fryslân, Frederik Kampstra

It Christelijk Fanfarekorps Concordia spile yn Drachten de wrâldprimeur fan it stik "Hora Est" fan Jacob de Haan. It is spesjaal skreaun foar it ôfskied fan dirigint Sjoerd de Boer. Hy hat 40 jier dirigint west by Concordia.

Neist Concordia strieden noch njoggen fanfaren en brassbands yn fjouwer difyzjes om it heechst oantal punten. Se waarden beoardiele troch trije sjueryleden.

De koraalpriis foar de 4e en 5e difyzje gie nei Brassband Heman út Zuidwolde. Yn de hegere difyzjes gie de priis nei CMV Excelsior Gryptsjerk ûnder lieding fan Andries de Haan.

(advertinsje)