IepenUP VLOG: Joyce is omsingele troch driging, emoasjes en bananen yn it demonstraasjefak

17 nov 2018 - 21:34

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende eftergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.

Joyce fynt dat Swarte Pyt feroarje moat. Se organisearre in demonstraasje yn Ljouwert, op it Saailân, by de yntocht fan Sinteklaas. Lang net elkenien is it mei har iens. Passanten skelle, roppe en raze as se har sjogge.

As in groep hooligans besiket de demonstranten oan te fallen, moat de plysje yngripe.

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP vlog Joyce
(advertinsje)