Nije CSI-oplieding soarget foar wrâldprimeur yn Ljouwert

17 nov 2018 - 20:28

In nije oplieding yn Ljouwert hat de earste trije 'forinsysk dûkers' fan de wrâld ôflevere. Se witte alles fan de ûntbining fan lichems ûnder wetter en fan it feilichstellen fan fingerôfdrukken.

De dûkers komme fan de hegeskoalle Van Hall Larenstein. Dêr begjin takom jier de oplieding 'Forensisch Laboratoriumonderzoek'. Dy oplieding draait net allinnich om misdied, mar ek om bygelyks de steat fan it miljeu, it wolwêzen fan bisten, en de feilichheid fan ús iten.

(advertinsje)