VV Bûtenpost ferliest útwedstriid mei lyts ferskil fan Sparta Nijkerk

De útwedstriid tsjin Nijkerk levere foar VV Bûtenpost gjin punten op. Beide ploegen wiene lang oan mekoar weage, mar VV Sparta Nijkerk luts yn de slotfaze oan it langste ein. De wedstriid einige yn 1-0 foar de thúsploech.
Keeper Kevin van der Meulen fan Bûtenpost © www.orange-pictures.nl
De wedstriid begûn in healoere letter as op papier stie. It earste healoere wie foar de ploech út Nijkerk. Nei 18 minuten spyljen krige de thúsploech sels in penalty, mar dy waard neist sketten wêrtroch't it 0-0 bleau.
Yn de earste helte wienen hast alle kânsen foar Sparta, mar in goal kaam der net. Mei in likense stân op it skoareboerd gongen de beide ploegen de klaaikeamers yn.

Twadde helte better foar Bûtenpost

Yn de twadde helte kaam Bûtenpost better foar de dei. Rolf Dijk krige meardere kânsen om syn team op foarsprong te setten, mar it slagge net. Ien kear hast, mar yn de 54e minút bedarre de bal op de peal. Letter rêde keeper Kevin van der Meulen Bûtenpost fan in efterstân.
Lang bleau it gelyk en Bûtenpost hope in puntsje mei te pakken tsjin de nûmer trije fan de haadklasse B. Mar yn de 88e minút wist de thúsploech de punten dochs yn Nijkerk te hâlden troch in goal fan Oscar Lochtenstein. De wedstriid einige hjirmei yn 1-0 foar Sparta Nijkerk.

Ferlies, mar dochs feest

Nettsjinsteande it ferlies, lieten de spilers út Bûtenpost dochs sjen dat se beskikke oer in flinke teamspirit. Se fierden feest yn de kantine fan de tsjinstanner.
Mei it ferlies stiet VV Bûtenpost no op in 12e plak yn de haadklasse B. Kommende wike spilet Bûtenpost in thúswedstriid tsjin CSV Apeldoorn. Dat is op 24 novimber. Apeldoorn stiet nei hjoed op it 10e plak.