"Ynnimmende" studint út Fryslân wint alle prizen op Grinzer kabaretfestival

De Fries Henk Overdijk is mei oermacht winner wurden fan it Grinzer studintekabaretfestival. Overdijk is 24 jier âld, en hy komt fan Bûtenpost. Hy pakte alle prizen. Dat binne de publykspriis, de sjuerypriis en de persoanlikheidspriis.
© Groninger Studenten Cabaret Festival
Eardere winners fan it festival yn Grinslân binne Theo Maassen en Jochem Myjer. Foar har wie de winst de opstap nei it grutte publyk.
It festival ferskilt fan bygelyks it Leids Cabaretfestival of it Rotterdamse Cameretten, omdat yn Grins allinne studinten meidwaan meie.
Sjueryfoarsitter Paul Haenen neamt Overdijk in "innemende performer". Syn tema is universeel, seit in foarljochter fan it festival. "Hij blinkt nergens echt in uit. Hij is een 5,5, zoals hij het zelf zegt."
De oare twa finalisten wiene Melise Yazgili en Tijmen Dokter.
Henk Overdijk praat mei Diana de Groot oer syn kabaretprizen