FIDEO: Fryske berneherten klopje fol ferwachting foar Sinteklaas

17 nov 2018 - 18:55

Wylst folwoeksenen drok binne mei demonstraasjes en de kleur fan Swarte Pyt, is de yntocht fan Sinteklaas foar de bern yn Dokkum en Ljouwert ien grut feest.

Tûzenen minsken wienen sneon rûnom yn de provinsje by in yntocht fan Sinteklaas. Yn Ljouwert wie in lytse demonstraasje op it Saailân. Dêr ha plysjes de wapenstôk brûkt om demonstranten út mekoar te hâlden. Yn Dokkum wie ek in demonstraasje oankundige, mar dêr hat net ien aksjefierder west.

(advertinsje)