Harkemase Boys foar it earst dit seizoen ûnderút yn eigen hûs

17 nov 2018 - 18:07

Harkemase Boys hat foar it earst dit seizoen in thúswedstriid ferlern. Op Sportpark De Bosk wie de nûmer twa fan de tredde difyzje mei 4-1 te sterk foar de Harkiten. Benammen yn de earste helte joech Harkemase Boys net thús.

Quick Boys út Katwyk koe yn de earste helte útrinne nei in 3-0 foarsprong. Op slach fan rêst makke Robert Stelpstra de 1-3. Yn de twadde helte spile Harkemase Boys agressiver, mar de ploech slagge der net yn om grutte kânsen te kreëarjen.

Yn de slotfaze krige Quick Boys foar de twadde kear in penalty. Dêrmei kaam de einstân op 1-4.

Thieme Klompe

De trainer fan de Harkemase Boys wie lilk omdat Quick Boys sa maklik skoare koene. "Het is een goede ploeg", sei Thieme Klompe, "ze gaan aan de wandel met je."

Neffens ferdigener Joris Voest wie der op in bepaald stuit gjin rêden mear oan. "We hebben als team gefaald."

"Ik denk dat dit het verhaal van het hele seizoen is", seit Voest. "Als je steeds zo begint, maak je het jezelf heel lastig."

Yn deselde difyzje spile ONS Snits in útwedstriid tsjin Hoek. Dat leit by Terneuzen. Snits hat mei 2-1 ferlern. De goal fan ONS kaam fan de foet fan Yumé Ramos, út in penalty.

Trefwurden: 
ONS fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)