FIDEO: Hoe't Ausma en Vermeer der yn de earste ronde ôfgean

Natascha Ausma en Sanne Vermeer hiene der hiel wat mear fan ferwachte. In ynternasjonaal judotoernoai yn eigen lân en dan flamme. It mislearre. Beide fleagen der by de Grand Prix yn Den Haag nei ien wedstriid út.
© Omrop Fryslân

Natascha Ausma

Ausma moast yn de earste ronde tsjin Alice Bellandi út Italië. Ausma is de nûmer 40 fan de wrâld, Bellandi de nûmer 36. Toch hie Ausma noch noait fan har ferlern. Sjoch hjir hoe't it ferrûn.
Ausma

Sanne Vermeer

Sanne Vermeer hie op papier in ienfâldige lotting. De earste ronde mocht se noch oerslaan, mar yn de twadde ronde trof se Masako Doi út Japan, de nûmer 203 fan de wrâld. Vermeer waard ferline jier tredde yn Den Haag en is sels de nûmer 18 fan de wrâld.
Vermeer