Plysje: "Wa't yn de greiden by Oentsjerk in hângranaat fûn, hie ús better fuortdaliks belje kinnen"

Yn in greide by Oentsjerk is in hângranaat fûn. De granaat is ynlevere by in plysjeburo yn Ljouwert. Dat meldt de plysje. It soe in granaat út de Twadde Wrâldoarloch wêze kinne.
De greide oan de Sanjesreed by Oentsjerk © Google Streetview
Wykplysje Japke Kroes seit op twitter dat it handiger west hie as de finers yn de greide fuortdaliks de plysje belle hienen. De plysje hat no de Eksplosiven Oprommingstsjinst EOD warskôge, om de granaat út it plysjeburo wei te heljen.