Kolum: "Big Ben"

17 nov 2018 - 16:39

"Hawwe jim wolris nei in debat yn it Ingelske Lagerhuis sjoen? Dat is polityk besjoen ien fan de meast nijsgjirrige saken dy't der te sjen en foaral te hearren binne. Dy Britten hawwe fansels in tradysje fan hjir oant Tokio wat polityk oanbelanget."

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: "Big Ben'

"Hjir yn Nederlân sitte de folksfertsjintwurdigers yn ergonomysk ferantwurde draaistuollen. Jimme sille se grif wolris sjoen hawwe. Alle lúkse fan de wrâld. Jo soenen sizze kinne dat se mei al dy gemakken ek wol in bytsje útnûge wurde om oan it plús te kleven, mar dat is miskien wat foar in oare kear.

Yn it Britske Lagerhuis leit it al even oars mei de deistige omstannichheden. Lit ús begjinne mei de opstelling fan de kampen. By wichtige debatten sitte de dames en hearen as hearrings yn in tonne. Kont tsjin kont en skouder tsjin skouder. Jo meie hoopje dat se wat knappe deoderant brûke, want der is gjin ûntkommen oan as der ien switterich rûkt en jo hawwe de pech dat jo neist dy persoan sitte. Romte om even te ferskowen of de fuotten te strekken is der net. Jo sitte op de griene bankjes as tsjerkegongers yn in grôtfolle tsjerke.

De retoryk is oan de iene kant hiel freonlik, de tsjinstanners wurde oantsjut mei 'my honourable friend' as it om ien fan deselde partij giet, oars wurdt it 'the honourable member'. Dat komt omdat se net by harren namme neamd wurde meie. Frijwat elitêr, soenen jo tinke. Mar as jo de debatten folgje, moat de foarsitter geregeld op hege toan de oanwêzigen ta kalmte sommearje. De wize wêrop't dat giet is fan in nivo dêr't in gemiddelde merkkeapman him wol yn fine kin. It is somtiden gewoan in ordinêr roppen en razen, mar de wurden bliuwe soarchfâldich keazen.

De sprekker yn alle rêst syn as har wurd dwaan litte is der net by. Alle oanwêzigen litte hast op ûnfatsoenlik lûdruftige wize witte oft se it dermei iens binne of net. It is in totaal oare wize fan parlemintêr oerlizzen as we dy hjir yn Nederlân hawwe. It liket bytiden op in organisearre gaos. Yn earder tiden wie de izeren dame Margret Thatcher in master yn it delsabeljen fan de tsjinlûden. It debattearjen liket yn Ingelân in ferhege foarm fan wurdkeunst en de emoasjes kinne heech oprinne.

De Brexit is ien fan de meast yngripende saken yn de hjoeddeistige polityk yn de frije westerske wrâld. Premier Theresa May moat de ûnderhannelingen ferdigenje dêr't de ôfrûne jierren oer praat is. In debat wie fol fan emoasjes fan foar- en tsjinstanners. It liket my prachtich lesmateriaal foar studinten dy't harren yn politike en oanferwante saken ferdjipje. As ik dit skriuw, is it noch net iens helder oft May wol har plannen dertroch krije sil.

Hoe't it ek ôfrint, it giet ergens oer. It dekôr is stylfol, stiet bol fan tradysjes. Foarsitter, oftewol 'Mister Speaker', John Bercow, is fan oarsprong in konservatyf, mar wurdt no ek wol as sympatisant fan de oare kant, Labour, besjoen. Dat feit allinnich al is hast in ferhaal dêr't jo in boek oer skriuwe kinne.

It binne bysûndere tiden oan de oare kant fan de Noardsee. As ekstra yngrediïnt is de ferneamdste klok fan de wrâld ek noch yn renovaasje. De Big Ben hâldt him stil yn ien fan de meast yngripende perioaden fan feroarings fan it Britske ryk. Of moatte jo sizze dat er de adem ynhâldt? De symbolyk streamt yn alle gefallen mei bakkenfol troch de Theems."

(advertinsje)