Gjin demonstraasje by Sintyntocht Dokkum, plysje grypt yn Ljouwert yn

17 nov 2018 - 14:41

By de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum is net demonstrearre, ek al wie dit wol oankundige. It kamperplak dat reservearre wie foar demonstranten bleau leech.

De sfear is goed yn de noardlikste stêd fan Fryslân, en de kaden steane fol mei bern en âlden. De demonstranten dy't ferwachte waarden binne úteinlik net opdaagjen kaam.

Ljouwert

Yn Ljouwert demonstrearre wol in hantsje fol minsken tsjin Swarte Pyt. Dit diene se op it Saailân. Tsjinoer harren stie krekt nei ien oere in grutte groep mei Cambuursupporters. Dizze groep besocht de demonstranten oan te fallen. De ME moast tusken beide komme en brûkte hjirby ek de wapenstôk. Yntusken is it wer rêstich.

It groepke anty-Swarte Pitedemonstranten binne ôffierd yn ME buskes foar harren eigen feiligens.

(advertinsje)