Opera Samson & Dalila wurdt opfierd yn boeke-opslach op De Gordyk

It operastik 'Samson & Dalila' fan regisseur en operasjonger Albert Bonnema hat in bysûndere lokaasje: de hal mei de grutte stellaazjes fan boekhannel Steven Sterk op De Gordyk. Yn de opslachromte is in tribune boud mei fiifhûndert sitplakken. Foar de optredens nije wike wurdt noch drok repetearre.
Repetysjes Samson en Delila yn de boekehal fan Steven Sterk op De Gordyk © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Foaral de akoestyk yn de romte sprekt Bonnema tige oan: "Troch de stellaazjes klinkt it prachtich. As it leech west hie, hie dit hiel hol klonken. En it publyk komt der deun op te sitten. De earste rige kin de sjongers sawat oanreitsje." Yn en om it stik hinne binne sa'n hûndert minsken oan it wurk. In hiele groep foar sa'n lytse romte.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei regisseur en tenor Albert Bonnema
Operastik 'Samson & Dalila' yn boeke-opslach
Foar Carina Vinke, dy't Delila spilet, is it in dreamrol. Se is bliid dat se meidwaan mei. Se komt sels út Drinte en wennet dêr sûnt koart ek wer. Se fynt it moai dat dit stik ek yn it Noarden fan Nederlân opfierd wurdt.
De premjêre is op tongerdei 22 novimber. De oare útfieringen binne op 24 en 25 novimber. Der binne noch in pear plakken oer.
Carina Vinke (Delila) fertelt wêr't de opera oer giet.
'Samson & Dalila' giet oer it bibelferhaal fan de Israëlyske held Samson, dy't godlike krêften hat. Hy hat in heimlike relaasje mei Dalila, in Filistynsk famke. De Israeliërs en de Filistinen binne yn oarloch en Dalila komt op slûchslimme wize efter it geheim fan Samson syn superkrêft. Se ferriedt him. It stik rint net sa goed ôf: Samson ferneatiget de timpel dêr't de Filistinen yn sitte. Gjinien oerlibbet it.