Judoka Sanne Vermeer ek útskeakele yn Grand Prix yn Den Haag

17 nov 2018 - 12:55

Nei kollega-judoka Natasha Ausma is Sanne Vermeer yn har earste wedstriid útskeakele op de Grand Prix yn Den Haag. Se ferlear nei Golden Score (in soart ferlinging) fan de Japanse Masako Doi. Vermeer siet yn in hâldgreep en tikke nei 11 sekonden ôf.

Sanne Vermeer - Foto: Orange Pictures

Doi wie de nûmer 203 fan de wrâld, Vermeer 18e. "Maar dat zegt niet altijd alles", seit Vermeer. "De Japanners judo'en lang niet alle toernooien. Maar daarom baal ik er nog wel enorm van. Ik zit nog in een leertraject, deed verder niet heel veel verkeerd, maar het verlies is terecht."

De Grand Prix yn Den Haag is wedstriid fan de wike fan Omrop Fryslân. De Grand Prix is neist it WK, EK en de Grand Slam de belangrykste ynternasjonale wedstriid. Sjoch hjir nei in portret fan Ausma, Vermeer en Bergstra.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer
(advertinsje)