Judoka Ausma no al útskeakele op Grand Prix yn Den Haag

17 nov 2018 - 11:48

Judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen leit derút op de Grand Prix yn Den Haag. Se ferlear yn de earste ronde fan Alice Bellandi út Italië. Ausma komt út yn de klasse oant 70 kilo. Ausma is de nûmer 40 fan de wrâld. Ausma stie nei de wedstriid de parse mei triennen yn de eagen te wurd. "Dit is zo balen. Ik heb nog nooit van haar verloren en dan gebeurt dat juist hier in eigen land wel."

Natscha Ausma - Foto: Orange Pictures

Tsjinstanner Alice Bellandi stiet fjouwer plakken heger as Natasha Ausma. Nei ien minút en 26 sekonden wie it foarby foar de Friezinne. Bellandi wûn op ippon.

Margriet Bergstra fan De Lemmer kaam freed net fierder as de kwartfinale yn de klasse oant 57 kilo. Sanne Vermeer fan Stiens komt letter sneon noch yn aksje yn de klasse oant 63 kilo. Se koe de earste ronde oerslaan.

De Grand Prix yn Den Haag is wedstriid fan de wike fan Omrop Fryslân. De Grand Prix is neist it WK, EK en de Grand Slam de belangrykste ynternasjonale wedstriid. Sjoch hjir nei in portret fan Ausma, Vermeer en Bergstra.

Trefwurden: 
judo Natasha Ausma
(advertinsje)