Red de Sionsberg wol útwreiding akute soarch "tasein troch De Friesland"

17 nov 2018 - 11:32

Aksjegroep Red de Sionsberg wol dat soarchfersekerder De Friesland de belofte neikomt en de akute help útwreidet. Dat skriuwt de aksjegroep yn in brief oan De Friesland.

Sikehûs Sionsberg - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De soarchfersekerder soe yn april 2017 tasein hawwe dat mei yngong fan juny 2017 de leechdrompelige 'spoedzorg' yn de Sionsberg útwreide wurde soe. Dat soe dan fan 7 moarns ôf oant 11 oere jûns wêze, en dat sân dagen yn 'e wike. Oant no wurdt akute help allinnich yn kantoaroeren ferliend. Wêrom't de taseine útwreiding noch hieltyd net bard is, wit de aksjegroep net.

"It binne simpele dingen dy't hjir oerdeis wol gewoan kinne. Dat skeelt minsken yn de regio in soad reizigjen. En it ûntlêstet oare sikehuzen. Ast nei it MCL giest, hast in wachtrige foar de meast simpele dingen. Boppedat sil de fraach foar akute help yn dizze regio tanimme troch fergrizing'', fertelt Teake Visser fan Red de Sionsberg. "Wat it meast stekt, is dat de soarchfersekerder de belofte net neikomt.'' De Friesland wie net berikber foar in reaksje.

(advertinsje)